Welkom op onze website
Wij verzenden naar Nederland en België

    Pieter Breuker,Lytse bal, grut spul
    Lytse bal, grut spul
    Artikels oer keatshistoarje en keatskultuer
    € 35.00
    Levertijd: 1 tot 2 werkdagen



    Lytse bal, grut spul fan Pieter Breuker is in boek oer acht ieuwen keatshistoarje en keatskultuer. It is taspitst op Fryslân, mar omdat rûnom op de wrâld noch oare keatsfarianten spile wurde, sjocht de auteur ek geregeld oer de grinzen, te begjinnen yn Nederlân.
    De fjouwer haadtema`s binne (keatsen en): Histoarje; Kultuer algemien; Taal; Literatuer. De auteur leit hieltiten wer ferbiningen tusken keatsen en kultuer en snijt dêrtroch ûnderwerpen oan dy`t yn de algemiene oersjoggen koart of hielendal net oan de oarder komme.
    It boek begjint mei in ferbinende, algemien-(kultuer)histoaryske ynlieding op it ûnderwerp. Dan folgje 32 earder ferskynde artikels, yn Fryslân en om utens. Dy binne foar dizze útjefte allegearre opnij bewurke.
    Fan de 32 bydragen binne 21 yn it Frysk en 11 yn it Nederlânsk skreaun. In wiidweidige ynhâldsopjefte en registers op persoanen en op plaknammen ferheegje de tagonklikens fan it boek.

    Dr. Pieter Breuker (Skingen, *1945), âld-dosint en -ûndersiker Frysk oan de Rijksuniversiteit Groningen, âld-foarsitter fan it Keatsmuseum en fan Stichting de Sportwereld, en earder ek sporthistoarikus oan de Katholieke Universiteit Leuven, is in bekend keats- en sporthistoarikus, yn en bûten Fryslân. Hy is yn 2017 troch it Prins Bernhard Cultuurfonds ûnderskieden mei de lanlike Zilveren Anjer foar syn bydragen oan de Nederlânske kultuerhistoarje, `in het bijzonder de kaats- en sportgeschiedenis in relatie met kunst en cultuur`.



    Taal / Language : Fries / Western Frisian

    Extra informatie:

    Hardback
    304 pagina's
    Met illustraties
    Juli 2018
    1141 gram
    246 x 175 x 35 mm
    EAN: 9789492052490
    Wijdemeer Louw Dijkstra

    Levertijd: 1 tot 2 werkdagen