As der in brief brocht wurdt foar de ungelokkige Harry Potter, komt
er achter in tsien jier âld geheim. Syn âlden wienen tsjoenders
en waarden fermoarde troch de flok fan in Tsjustere Hear.
Harry wie doe noch in poppe, mar hat it op ien of oare manier oerlibbe.
Hy ferlit de freeslike Migels dy't him grutbrocht hawwe, en giet nei
Swiniastate, in tsjoendersskoalle mei spoeken en betsjoenings.
Harry rekket fersyld yn in tsjuster aventoer as er in trijekoppige
hûn fynt, dy't de tredde ferdjipping fan 'e skoalle bewekket.
Dan heart er fan in ferburgen Stien, mei ferbjusterjende krêften,
dy't tige kostber of tige gefaarlik is.
Miskien beide wol ...
Text in Frysk / in Frisian
Taal / Language : Fries / Western Frisian
Extra informatie:
Harry Potter
Paperback / softback
222 pagina's
Juni 2007
366 gram
220 x 150 x 20 mm
EAN: 9789056151553
Uitgeverij Bornmeer