internetboekhandel.nl
buttons Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons
leeg Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Home pagina Rijks
rijks
Rijks Home pagina Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Besteller 60
 
Nederlands Buitenlands   Alles  Titel  Auteur  ISBN        
Literatuur: Proza, romans, verhalen
Literaire roman.novelle
Bij u in huis op: vrijdag
Bestel vóór: 23:15


Trinus Riemersma

Fabryk

€ 15.50

De roman Fabryk ferskynde yn 1964 as Riemersma syn debút. De haadpersoan wurket yn in grientekonservefabryk. Hy sjocht hoe`t syn kollega`s har deljouwe ûnder de twang en ferlieding fan it meunster dat it fabryk is. Hy rint om mei it idee om in died te stellen en dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt in obsesje dêr`t er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. Riemersma wurke yn 1960 trije moanne op it Kondinsfabryk yn Ljouwert. Dy ûnderfiningen ferwurke hy yn it boek.
Dizze roman makke in protte diskusje los. De tradisjonele lêzers wiene ûntheistere troch de iepenhertigens wêrmei`t de neuroatyske ik-figuer syn tryst libben en syn tinzen en eangstbylden sjen liet. Yn 1995 ferskynde de sechste printing yn de rige Fryske Klassiken, mei in útlieding fan Philippus Breuker. Hy ornearret dat it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners fan de roman úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer gie. Dizze sande printinge is neffens de foarige.

De skriuwer is mei syn haadfiguer in aventoer oangien. Hy is meigien oan it lêste ta.
J. Noordmans yn de Ljouwerter Krante

Yn it suterige en ferhûddûke libben fan dizze fabryksarbeider wjerspegelet him in mikro-kosmos, dy`t oan tiid noch plak mear bûn is. En wat is universeel oars?
D.A. Tamminga yn De Tsjerne

Trinus Riemersma (1938-2011) waard ûnderwizer en letter, nei stúdzje en promoasje, dosint Frysk. Hy wie warber op hast alle fjilden fan de literatuer: romans, ferhalen, kritiken, polemiken, toaniel, poëzij; op lettere leeftiid wie er kollumnist. Twa kear wûn er de Gysbert Japicxpriis, yn 1967 foar Fabryk.


Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie: 
Paperback / softback
184 pagina's
Oktober 2014
258 gram
210 x 140 x 16 mm
TDE
Achterkant:
Bekijk de achterkant

Bij u in huis op: vrijdag
Bestel vóór: 23:15