internetboekhandel.nl
buttons Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons
leeg Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Home pagina Intertaal
Intertaal
Intertaal Home pagina Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Besteller 60
 
Nederlands Buitenlands   Alles  Titel  Auteur  ISBN        
Literatuur: Proza, romans, verhalen
Literaire roman.novelle
Bij u in huis op: donderdag
Bestel vóór: 23:15


Margryt Poortstra

Minskebern

€ 14.00

Twa minskebern spylje yn dizze roman in grutte rol. Maart is oan `e ein fan har libbensreis en sakket hieltyd fierder fuort yn `e dize fan de sykte fan Alzheimer. Daan, krekt berne, moat noch begjinne en giet op ûntdekkingsreis. Wat de iene net mear kin, moat de oare noch leare. Hielendal oan `e ein en hielendal oan it begjin is har wrâld net grutter as it bêd dêr`t se yn lizze. It boek is skreaun út it perspektyf fan Geeske, dochter fan Maart en beppe fan Daan. Mei har twa susters ferwurket se de achterútgong fan har mem en fynt se hope yn it nije libben fan har bernsbern.
De earste printing fan dizze roman ferskynde yn 2008.

Minskebern is in moai en ûntroerend boek. De styl doocht, it sykteproses is pynlik werkenber werjûn en it is foaral skreaun mei leafde foar in mem dy`t ûndanks har ôftakeling as persoan rjocht oerein stean bliuwt.
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante

`Margryt Poorstra set in alzheimerpasjint del mei in gewéldich ynlibbingsfermogen. [...] Wat bliuwt is in hele moaie beskriuwing dy`t echt wol benearjend is mar oan de oare kant ek iepen. Moaie konklúzje: As wy akseptearje dat in lyts bern yn `e broek poept en pisset, wêrom akseptearje wy dat net fan âlde minsken? Hele moaie gedachte...`
Klaas Jansma, `It lêsaventoer`, Omrop Fryslân



Margryt Poortstra (1953) waard grut yn Arum en wurke yn Ermelo yn de swaksinnigesoarch. Poortstra boude in omfangryk literêr oeuvre op fan romans, ferhalen en gedichten. Har wurk is subtyl, helder en sterk fan psychology. De haadpersonaazjes binne hast altyd froulju. Har lêste publikaasje is Kofje ferkeard út 2011.


Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie: 
Paperback / softback
136 pagina's
September 2014
197 gram
210 x 140 x 12 mm
TDE
Achterkant:
Bekijk de achterkant

Bij u in huis op: donderdag
Bestel vóór: 23:15