internetboekhandel.nl
buttons Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons
leeg Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Home pagina Rijks
rijks
Rijks Home pagina Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Besteller 60
 
Nederlands Buitenlands   Alles  Titel  Auteur  ISBN        
Literatuur: Diversen
Gebundelde literaire columns
Bij u in huis op: woensdag
Bestel vóór: 14:00
Met koeriersdienst:
vóór 12:30 betaald
vanavond bezorgd


Josse de Haan

Reedride op gld iis

€ 24.50


Dizze bondel ferheljend en polemysk proaza, poëzy, literatuerkrityk, essays, analyzes, anarkys, kollaazjes, ensfh. is de fjirde yn de rige eigen wurk dy`t Josse de Haan sûnt 2005 gearstald hat - Kastanjes Poffe (2005), Kidelstiennen heine en slaan (2007), Frozen moonlight yn myn hannen (2013) en no dan Reedride op glêd iis. Dit boek befettet op `e nij literatuerhistoarje - oer de ôfrûne fyftjin jier (sûnt Piksjitten op Snyp op 9-9-`99 ferskynde). It jout nij wurk, c.q. nea publisearre, en artikels út ûnderskate papieren en digitale tydskriften. In pear binne yn boeken ferskynd. Brieven oan (literêre) freonen en reaksjes op mails en blogs oer literêre ûnderwerpen jouwe wat mear sicht op it literêre bedriuw sa`t him dat yn syn eagen de ôfrûne desennia ûntwikkele hat. De kampanjes om Piksjitten op Snyp hinne kinne ferhelderjend wurkje, en jouwe in sicht op de net altiten transparante en koosjere hâlding fan ynstitúsjes, kommisjes en guon persoanen. Syn wurk, sawol primêr as sekundêr, is de delslach fan it libjen yn twa talen, yn twa kultueren, en no - nei in fyftjin jier libjen yn in seistal talen - is it noch breder wurden. Oan primêr poëzywurk is opnommen in rige fan 37 fersen en 14 anarkys (fisuele poëzy). Twa nea publisearre ferhalen ferskine yn dit boek. Brieven oer literatuer oan kollega`s/freonen, gedichten oer en oan freonen/dinnen en besprekken fan wurk kompletearje de bondel. De fjouwer útjeften mei foaral sekundêr wurk jouwe in byld fan de Fryske literatuer fan de ôfrûne jierren troch syn eagen, beskriuwe ek de tûkelteammen dêr`t je as skriuwer yn in lyts taalgebiet mei te krijen hawwe. De oergeunst ek. WINTERWILLE iisbaan glimt as flakstrutsen folle moanne - laket reedrider streket fan lofts nei rjochts - dûnset winterlûd sjit yn kadâns oer skaden - resonearret bûgde rêch teart skouders linich yn `e foarm - faasje twa izers snije fearkjend oer de iisplaneet - ritmyk 45-gradebocht tilt rjochterskonk oer lofter - lykwicht rappe rider heakket rêde rydster oan syn earm - iispearke



Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie: 
Paperback / softback
376 pagina's
Met illustraties
Januari 2016
602 gram
211 x 146 x 26 mm
Elikser B.V. Uitgeverij
Achterkant:
Bekijk de achterkant


Bij u in huis op: woensdag
Bestel vóór: 14:00
Met koeriersdienst:
vóór 12:30 betaald
vanavond bezorgd
Dit artikel is aanwezig in onze winkel