internetboekhandel.nl
buttons Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons
leeg Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Home pagina Rijks
rijks
Rijks Home pagina Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Besteller 60
 
Nederlands Buitenlands   Alles  Titel  Auteur  ISBN        
Literatuur: Proza, romans, verhalen
Literaire roman.novelle
Bij u in huis op: vrijdag
Bestel vóór: 23:15


Homme Eernstma

Leafdedea

€ 13.50

Wibe Baron van Holdinga wurdt smoar ende smoarryk troch op de Beurs mei opsetsin allinnich te belizzen yn fûnsen sûnder wearde. ‘Goud meitsje út neat’ is syn biedwurd, en troch in magysk-eroatysk ritueel krijt dat omraak krêft. Foar dy spoek-ekonomy oer stiet de tún fan Holdingastate. Yn dat ierdske paradys wie, troch har hertstochtlik leafdesspul, syn leafde foar Eabeltsje opwoeksen. Dizze leafde hoedet en besielet syn libben oant de dea ta.
Dizze tredde edysje fan Leafdedea is in wersjoene werútjefte fan de earste, dy’t yn 1963 by Quatrebras yn Amsterdam útkaam. Amouramort, de oersetting yn it Frânsk troch Agnes Caers, ferskynde yn 1997 by Actes Sud yn Arles. Yn dizze útjefte is as tajefte it alternative slot opnommen dat de skriuwer yn de Frânske edysje foar kar naam.

It boek wie yn 1963 syn tiid foarút. […]. It is eins in fenomeen, in roman sa’t der echt yn de Fryske literatuer gjin twadde fan is.
Jan Jongsma yn Friesch Dagblad 23-07-1994

Een ontdekking vond ik […] de slachtfeestviering van de veertienjarigen Eabeltsje en Wibe, die hier en daar doet denken aan L’oeil (‘Het oog’) van Georges Bataille.
Atte Jongstra oer de blomlêzing mei Frysk proaza Fries Stamboek, gearstald troch Alpita de Jong, NRC-Handelsblad 14-7-2000

Feijo Schelto Sixma Baron van Heemstra, Den Haach, 1916 – It Hearrenfean, 1999. Keunsthistoarikus; ryksamtner en learaar; oersetter by de EEG; oprjochter fan in fertaalburo foar minderheden yn Amsterdam. Publisearre wittenskiplike stúdzjes yn it Frysk, Hollânsk en Frânsk; ûnder de skriuwersnamme Homme Eernstma nêst Leafdedea ek Marginale Minsken (1968), Ook dit gaat voorbij (1985) en Roman Hagois (1998).




Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie: 
Paperback / softback
103 pagina's
Juni 2011
140 gram
200 x 126 x 10 mm
TDE nl
Achterkant:
Bekijk de achterkant

Bij u in huis op: vrijdag
Bestel vóór: 23:15