internetboekhandel.nl
buttons Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons
leeg Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Home pagina Intertaal
Intertaal
Intertaal Home pagina Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Besteller 60
 
Nederlands Buitenlands   Alles  Titel  Auteur  ISBN        
Literatuur: Proza, romans, verhalen
Literaire roman.novelle
Bij u in huis op: dinsdag
Bestel vóór: 17:00


Froon Akker

Einum

€ 19.50


Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld. Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy`t besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat de leafde ûntdekt, in boer dy`t siket om in masteresse, in twilling dy`t in troch it smookferbod troffen kafeetsje nij libben besiket yn te blazen. Geandewei floeie al dy libbens yn elkoar oer en dan ynienen is dêr dy brief. En ferskynt in fûgeltsje oan `e loft... Resinsjes: Literatuerside Jelle van der Meulen: `Froon Akker heeft door de uitgangspunten en de constructie van zijn nieuwe roman, gecombineerd met een gedreven schrijfstijl een zeer boeiende roman afgeleverd.` Literêr blêd Ensafh (75): `Yn it earstoan kriget men de yndruk dat it allegearre losse ferhalen binne fan minsken dy`t miskien letter byinoar komme. Mar de relaasjes tusken de minsken wurde gauwernôch dúdlik en sa streame de personaazjes yninoar oer. En dêrmei wurdt it helder hoe keunstich it boek konstruearre is.` Leeuwarder Courant: `Neist de styl is ek de opset fan de roman bysûnder.` Sjuery Gysbert Japicxpriis 2015: `Einum biedt in filmyske blik op it libben yn in hjoeddeiske plattelânsmienskip. De ferteller lit ús yn de kunde komme mei de kleurrike bewenners yn in úthoeke fan in noardlike krimpregio. Yn elk haadstik sjogge wy it doarpke út it perspektyf fan in folgjend personaazje, wêrmei`t de byinoar lâns en mei-inoar belibbe ferhalen yninoar ferfrissele wurde. De skriuwer hâldt de faasje deryn troch syn bysûndere fernijende fertelstyl. Mei humor, en ek each foar tragyk, hat er in wrachtich boek skreaun oer it moderne Fryslân.` Froon Akker is it pseudonym fan Koos Tiemersma (Frjentsjer, 1952), dy`t bekend waard as skriuwer fan in oantal súksesfolle romans lykas De ljedder (bekroand mei de earste Rink van der Veldepriis) en Under wetter. Nei 2010 skeakele er oer op de publikaasje fan e-boeken dy`t er oan `e man bringt op syn side www.froonakker.nl



Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie: 
Paperback / softback
312 pagina's
Oktober 2015
457 gram
200 x 135 x 22 mm
Elikser B.V. Uitgeverij
Achterkant:
Bekijk de achterkant


Bij u in huis op: dinsdag
Bestel vóór: 17:00
Dit artikel is aanwezig in onze winkel